• 06 - 53 87 38 23
  • Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.

Hoe djip leafde giet

Hoe djip leafde giet
fielt men faaks net earder
as men misse moat
dy leafde
dy't wie yn alles
oer toppen fan bergen
yn djipte fan dalen
yn streamen fan wetter
yn 't grien fan 'e bosk
yn kleuren fan blommen
yn alles wasto sjuchst
fielst
en ervaarst
yn dit bestean
Hoe djip leafde giet
fielt men faaks net earder
as men misse moat
de stem
it dwaan
en litten
in wêzen
yn al wat wie
yn al wat komt
fan hjoed
oant moarn
tot safier we tinke kinne
It docht sear
misse moatte
ferlieze moatte
oergriselike sear
en tageliik
lit it my ek fiele
hoe bysunder
hoe mooi
hoe dierber
hoe intens
ja hoe djip
echte leafde
wêze kin
Dat gefoel koesterje ik
yn al it missen
yn al it ferlies
yn alle pine
hoe moeilijk ek
hoe sear ek
wittende ik haw it ienris hawn
dy leafde hat er foar my west
my makke ta wa't ik bin
dat gefoel jouwt my hâldfêst
omdat ik misse moat
dy djippe leafde.
Jan van der Meer©️

logo defmvm